NAM: 'gasboarjen kin trochgean'

09 sep 2004 - 15:24

Natuerorganisaasjes lûke in ferkearde konklúzje út de útspraak fan it Europeeske Hôf oer de kokkelfiskerij. Dat seit de NAM. It hôf bepaalde tiisdei dat oantoand wurde moat dat de fiskerij gjin skea tabringt oan it Waad. De Waadferiening tinkt dat dy betingst ek jildt foar gaswinning.

Dat is te koart troch de bocht fynt de NAM. Neffens de NAM toane rapporten krekt oan dat gaswinning trochgean kin sûnder skea oan it Waadgebiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)