Kreakers Huzumerleane bedrige

09 sep 2004 - 14:55

De kreakers oan de Huzumerleane yn Ljouwert wurde bedrige troch rjochtse jongeren út de stêd. De ruten binne ferskate kearen yngoaid en der is besocht yn te brekken. Ek soenen se freed nei in feest yn de Cambuurbar en nei de wedstriid Cambuur-Zwolle mei in groep hooligans it gebou slope wolle.

Bemiddeling fan jongerewurkers hat neat opsmiten. De plysje is warskôge. Neffens Cambuur ha de hooligans neat mei de klub út te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)