Nije foarsitter Friesland Foods

09 sep 2004 - 13:48

Foarsitter Olijslager fan de konserndireksje fan Friesland Foods, it eardere Friesland Coberco, leit syn funksje del. De 60-jierrige Olijslager kin oer in jier mei pinsjoen, mar hâldt op 31 desimber op as foarsitter. Hy bliuwt wol oan as adviseur.

Olijslager wurdt as foarsitter opfolge troch de 58-jierrige Luc Dahlhaus, dy't no al lid is fan de direksje en jierrenlange ûnderfining hat binnen it bedriuw.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)