Tryater spilet yn Den Haach

© Omrop Fryslân
Frysk toaniel foar it Twadde Keamergebou yn Den Haach. Teaterselskip Tryater hold woansdei mei in foarstelling in protestaksje tsjin de plannen fan steatssekretaris Van der Laan fan Kultuer. Dy wol miljoenen besunigje op de kultuersektor.
De subsydzje fan Tryater wurdt net minder, mar stilstân is efterútgong, en dus wol Tryater mear ha. Der kamen sa'n tsien Keamerleden op de foarstelling ôf. Tryater is tefreden oer de aksje.