Jan Marijnissen yn Fryslân

09 sep 2004 - 10:36

Twadde Keamerlid foar de SP Jan Marijnissen besiket alle moannen in oare provinsje. Hy lit him dan op de hichte bringe fan wenjen, wurkjen en libjen yn dy provinsje. Dizze moanne is Fryslân oan bar. Hy wie woansdeitemiddei op besite yn iepenloftmuseum it Damshûs yn Nij Beets.

Hy krige in rûnlieding en ynformaasje oer de skiednis fan it leechfean, de wurkomstannichheden en earmoed. Hy sil ek noch nei de Feriening Lytse Doarpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)