Eelke vd Wal hat it dreech

09 sep 2004 - 10:15

Yn de Tour de l'Avenir hat Eelke van der Wal fan Holwert it dreech. Yn de 7e etappe, woansdei, waard er 114e op 5 minút en 30 sekonden fan de etappewinner Tyler Farrar út Amearika.

Yn it algemien klassemint stiet de Fryske fytser op goed 36 minuten fan de Sweedske lieder Thomas Lövkvist. De Tour de l'Avenir (Ronde fan de Takomst) duorret noch oant en mei sneon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)