Jild foar pop en jongerekultuer

09 sep 2004 - 10:04

Ljouwert besuniget de kommende jierren in heal miljoen euro op de kultuer yn de stêd. It gemeentebestjoer stipet de popmuzyk en de jongerekultuer de kommende jierren mei 100.000 euro. Dat is twa kear safolle as earder. De byb krijt struktureel 200.000 euro minder.

De stipe fan 215.000 euro oan Sichting Westerkerk hâldt op. Theater Romein wurdt ynset as pop- en jongerepoadium. In nije eksploitant moat Romein sûnder subsydzje draaiende hâlde kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)