Aksje foar stipe oan it Noarden

© Omrop Fryslân
Hans Alders, Kommissaris fan de Keninginne yn Grinslân, hat woansdeitemoarn in publyksaksje foar stipe oan it Noarden iepene. Hy die dat troch yn it Grinzer provinsjehûs syn hanteken te setten ûnder de online petysje 'Hallo, wij zijn er ook nog' op de site www.steunaanhetnoorden.nl.
De petysje moat it kabinet oertsjûgje dat ekonomyske stipe oan it Noarden bliuwe moat. It is in inisjatyf fan de ChristenUnie, mar elk kin meidwaan.