'Gruiten' wiist bern op sûn iten

© Omrop Fryslân
It Griene Krús Berltsum-Wier bestiet 100 jier. Om dat te fieren wurdt dizze wike alle dagen fergees fruit útdield op de basisskoallen en it pjutteboartersplak yn Berltsum.
It projekt mei de namme Gruiten - dat stiet foar griente en fruit - is ynfierd omdat bern hieltyd dikker wurde en fetter ite. Mei it iten fan griente en fruit moat dat foarkommen wurde.