Mear gearwurking eveneminten

© Omrop Fryslân
De provinsje stekt 22.000 euro yn in ûndersyk nei hoe't Fryske eveneminten better gearwurkje kinne. Om de eveneminten wrâldferneamd te meitsjen wurdt der in plan fan oanpak makke. Op it stuit ûntbrekt it organisaasjes oan kunde oer marketing en ek wurdt der net goed gearwurke.
Sa waarden dit jier meardere eveneminten op deselde dei organisearre. Oer in heal jier moat it plan fan oanpak klear wêze.