V.d. Duim nei 2e ronde US-Open

08 sep 2004 - 13:32
Foto: Omrop Fryslân

Tennisser Antal van der Duim hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei de twadde ronde berikt fan it dûbeltoernoai fan de US-Open yn New York. De 16-jierrige Finkegeaster wûn tegearre mei syn partner Remko de Rijke yn twa sets mei 6-4 en 6-4 fan in Brits duo.

Antal van der Duim waard tiisdei yn de earste ronde lykwols wol útskeakele yn it enkelspul.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)