'Mear romte foar wurkleazen'

08 sep 2004 - 12:16

Kollumerlân wol dat wurkleazen mear mooglikheden krije om oan lytsskalige wurkprojekten foar de eigen mienskip mei te dwaan. Wethâlder Schaafstal fynt it absurd dat de nije haven fan Muntsjesyl oanlein wurdt troch pensjonearre frijwilligers, wylst wurkleaze doarpsgenoaten allinnich tasjen meie, omdat oars harren útkearing gefaar rint.

Schaafstal wol dat de útkearingsregels op dit mêd soepeler makke wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)