Eigen supermerk yn MCL

© Omrop Fryslân
Sikehûs MCL yn Ljouwert iepenet yn jannewaris in eigen supermerk. Earder seach Albert Heijn ôf fan in filiaal yn it sikehûs. De nije winkel komt yn it nije diel fan it MCL dêr't noch mear winkels sitte.
Doel is om in lytser assortimint oan te bieden as de supers yn de stêd. Bygelyks in grut ferskaat op it mêd fan saneamde 'kant en klaar maaltijden'. De winkel is bedoeld foar pasjinten, besikers en personiel.