Garnalefabryk Moddergat klear

08 sep 2004 - 10:07

It restaurearre garnalefabryk fan Peasens-Moddergat is tiisdei weriepene. Dat wie oanlieding foar grut feest. It âld-garnalefabryk hat der jierrenlang slim fertutearze bylein en de Peazumers en Moddergatters joegen der net in soad om. As oantinken oan de fiskerij is it fabrykje opknapt.

Op it hiem fan it garnalefabryk sille wurkleazen út Noardeast-Fryslân in Wierumer aak bouwe. It giet om in projekt fan fiif gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)