Stipe foar Noarske wrotmûs

07 sep 2004 - 15:21

De Noarske wrotmûs yn Fryslân wurdt stipe. De Europeeske Mienskip jout mear as in miljoen euro foar de rêding fan it bist. It jild giet nei 250 bunder lân yn natuergebiet de Alde Feanen. It Fryske Gea is as behearder de útfierder fan it plan.

Der binne net folle Noarske wrotmûzen mear yn de wrâld. Troch de Alde Feanen geskikter te meitsjen foar de mûs, wurde ek in tal oare soarten holpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)