'Te min ynfo oer Suderseeline'

© Omrop Fryslân
Oer de Suderseeline moat mear foarljochting komme. Dat fynt boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân. Hy sei dat moandei nei ôfrin fan de earste meitinkjûn oer de rappe ferbining mei de Rânestêd.
Op sa'n meitinkjûn kinne minsken meitinke oer de easken dêr't it spoar oan foldwaan moat. Neffens Van der Zaag hat de diskusje te lijen fan te min foarljochting. De boargemaster is ek lid fan de stjoergroep Suderseeline.