Weening no 96ste yn La Vuelta

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema stiet nei trije koersdagen by de earste 100 yn it algemien klassemint fan 'e Ronde fan Spanje. De tredde etappe yn 'e Vuelta fan Burgos nei Soria waard wûn troch de Spanjaard Alejandro Valverde. Pieter kaam nei 157 kilometer as 74ste oer de einstreek op 15 tellen fan 'e winner.
Yn it algemien klassemint is de Lúksemboarger Benoit Joachim de nije lieder. Weening klom nei it 96ste plak op 2'38" fan 'e klassemintslieder.