FNP:sweeftreindiskusje beëinigje

06 sep 2004 - 17:41

De FNP-steatefraksje is optein oer de útslach yn de Ljouwerter Krante oer it Suderseespoar. Bliken docht dat de Friezen alhiel net op de sweeftrein sitte te wachtsjen en de Fryske bydrage dêroan fan 200 miljoen euro net stypje.

De FNP fynt dat de stekker no út de sweeftreindiskusje lutsen wurde moat. Net langer skuorre oan in dea hynder, mar ynstekke op realistysker inisja- tiven dy't it ekonomyske ferskil tusken it Noarden en de rest fuortnimme kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)