Fjochtpartij yn wente Ljouwert

06 sep 2004 - 11:29

In 18-jierrige Ljouwerter rekke sneintemoarn betiid ferwûne by in fjochtpartij yn 'e Ljouwerter binnenstêd. De fjochtpartij begûn yn in hûs yn 'e Sint Anthonystrjitte, dêr't op dat stuit njoggen minsken wiene. By de fjochtpartij waard de ynboel fan it hûs folslein fernield.

By de fjochtpartij waard it slachtoffer slein troch seis oaren. De jongeman is oerbrocht nei it MCL. De oanlieding fan de fjochtpartij is noch ûndúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)