VV Hearrenfean ferliest mei 2-3

© Omrop Fryslân
Earsteklasser VV Hearrenfean ferlear snein de thúswedstriid fan Nieuw-Buinen mei 2-3. De goals fan 'e Drinten kamen troch persoanlike flaters fan Hearrenfeanspilers. By it skoft wie it 1-3. De earste Hearrenfeangoal wie fan Joris Mincke. Yn 'e twadde helte kaam Hearrenfean al nei trije minuten fia Alexander Kuik werom oant 2-3.
Nieuw-Buinen krige nei skoft twa kear read en spile de wedstriid út mei 9 man.