Earste lustrum 'bruskesdei'

05 sep 2004 - 14:47

Yn it Abe Lenstrastadion is sneon it earste lustrum fierd fan 'e bruskesdei. Bruskes binne bern dy't in ferstanlik handikept broerke of suske hawwe. Foar brussen fan 8 oant 14 jier is de jierlikse dei hiel belangryk, want thús giet de oandacht faak it measte út nei it handikepte broerke of suske.

Njonken spultsjes en films kin der op de bruskesdei ek praat wurde oer thús. Omdat de emoasjes faak djip sitte komt der no ek in chatboks foar brussen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)