Fries ûnbekend mei Suderseeline

© Omrop Fryslân
De Friezen witte net folle oer de Suderseeline, mar toch fine se dat it rappe spoar goed foar Fryslân is. Dat docht bliken út in enkête ûnder goed 800 Friezen dy't de Ljouwerter Krante útfierd hat.
Sa'n 60% fan de ûnderfregen koe gjinien fan de farianten (hegesnelheidsline, intercity of magneetsweefbaan) neame. Mar 12 prosint kiest foar de rappe, djoere sweefbaan. Mar ien prosint tinkt it spoar alle dagen of wiken te brûken.