HFC - SC Hearrenfean: 0 - 5

05 sep 2004 - 12:23

Sportklub Hearrenfean spile sneon yn Haarlim tsjin de Koninklijke HFC. De âldste klub fan Nederlân wie net echt partij foar Hearrenfean, want de Feansters wûnen mei 5-0. De goals waarden makke troch Rose, Sikora, Selakovic, Yildirim en Hersi. De nije oankeap Arnold Bruggink wie net fan de partij, want hy meldt him moandei.

De wedstriid waard organisearre fanwege it 125-jierrich bestean fan 'e Koninklijke HFC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)