Keunstwurk op Weperbult

© Omrop Fryslân
Mei it ûntbleatsjen fan in keunstwurk fan de Fryske keunstner Ids Willemsma is freed offisjeel in ein kommen oan de Weperpolder as ôffalstoart. De polder by Easterwâlde waard fan 1970 oant 1994 brûkt as stoartplak, de lêste jierren foar húshâldlik ôffal.
De lêste tsien jier is de eardere dwinger ôfwurke. It terrein giet no fierder as rekreaasjeterrein de Weperbult. Willemsma hat yn syn keunstwurk ek ôffal ferwurke.