Avanti gelyk tsjin Urk

04 sep 2004 - 12:33

Avanti hat freed mei 3-3 gelyk spile tsjin Urk. De sealfuotbalferiening út Stiens spile de earste wedstriid fan de nije kompetysje yn de earste klasse thús. By rêst stie it 1-1.

Avanti miste in protte kânsen en fertsjinne te winnen. Mar de Stienzers mochten oan de ein bliid wêze dat se net ferlearen, om't Urk flak foar tiid noch in prachtige kâns om de wedstriid te winnen, lizze liet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)