Moddergat moaiste plakje

04 sep 2004 - 10:11

Moddergat, It Ryster Bosk en It Amelân binne yn de race foar de titel 'Moaiste Plakje fan Nederlân'. It giet dan om in ynternetpoll fan de NCRV. De omrop hat foar alle provinsjes trije plakken foarsteld. Minsken kinne dan stemme op de ynternetside www.ncrv.nl.

Foar elk 'moaiste plakje' is in ambassadeur oansteld, dy't it plak ûnder it omtinken fan it publyk bringe moat. Moddergat stiet op 't stuit boppe-oan foar Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)