Ferrassing foar Frysk Museum

04 sep 2004 - 09:54

Meiwurkers fan it Frysk Museum hawwe in ferrassende ûntdekking dien. By renovaasjewurk kaam út in ôfsletten nis bysûnder glêswurk foar it ljocht. It giet om 52 slingerglêzen, sa neamd nei de slinger yn it fuotstikje. De fynst waard dien yn it histoaryske Eisingahûs.

De glêzen stiene op in Frysk Deiblêd út de jierren '50. Se wiene alhiel swart en smoarch. Mooglik binne se brûkt op in gearkomste fan it Frysk Genoatskip en dêrnei yn 'e kast set en fergetten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)