Anna Blamanhûs krijt jild

© Omrop Fryslân
It Anna Blamanhûs hat ekstra jild krige fan it Ryk. It giet om saneamde Rechtsherstelgelden, foar minsken dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch ûnrjocht oandien is. Homo's en lesbiënnes waarden yn dy tiid faak diskriminearre en yn konsintraasjekampen dien.
It ABH is in ynstelling foar lesbyske froulju. Sa is der ûnder oare in biblioteek. It jild wurdt brûkt foar it tagonkliker meitsjen fan de kolleksje, troch mear gearwurking mei Tresoar.