Pop foar nop yn Drachten/Snits

© Omrop Fryslân
De Fryske poppoadia Iduna yn Drachten en it Bolwerk yn Snits dogge op ien en twa oktober mei oan de aksje Pop voor Nop. Mear as hûndert Nederlânske bands en dj's sille begjin oktober fergees optrede om sa te protestearjen tsjin it mooglik ferdwinen fan het Nederlands Muziekplan.
Dy subsydzjeregeling is wichtich foar begjinnende bands. Sûnder dy regeling sille ek de Fryske popmuzikanten it dreech krije, tinkt Friesland Pop.