Omgongskoade foar middenstân
De gemeente Ljouwert moat ûndernimmers better op de hichte hâlde oer wurk oan de wei. Dat fynt de VVD en dêrom moat der gau in spesjale omgongskoade komme.
Wol gauris komt it foar dat winkellju sjogge dat de strjitte ynienen opbrutsen wurdt. Ek jout de gemeente ferkearde ynformaasje. Guon ûndernimmers hawwe gjin betrouwen mear yn de gemeente. De VVD fynt dat it sa net langer kin en dat der in strang kommunikaasjebelied komme moat.