Opnij oaljefersmoarging yn Grou
Yn de haven fan Grou dreau tongersdei opnij oalje. Wetterskip Fryslân is dwaande om de smoargens op te rêden. Earder dizze wike waard ek al in grut plakaat yn Grou oantroffen. It plak dat it Wetterskip no berêdt, is grutter as ynearsten tocht waard. Der binne skermen yn it wetter dellein om foar te kommen dat it oaljeplak fuort driuwt.
Nei alle gedachten is wetter ûnder yn in boat fermingd mei oalje de oarsaak. Dat is oerboard pompt.
Trefwurden:
argyf