Asylsiker staakt striid COA

© Omrop Fryslân
De asylsikers dy't by de rjochter werompleatsing yn it azc Drachten ôftwinge woe, hat him weromlutsen. De man hie in rjochtsaak oanspand tsjin it COA om't er net mear wolkom wie yn it azc Drachten. Hy soe him dêr misdroegen hawwe.
Op de dei fan de rjochtsaak, tongersdei, waard lykwols bekend dat de saak oergiet. De asylsiker hat him weromlutsen om't er dochs net nei Drachten werom wol, seit syn advokaat.