Bruggink nei SC Hearrenfean

02 sep 2004 - 17:28

Arnold Bruggink spilet de kommende twa seizoenen foar SC Hearrenfean. Dêrmei komt de spits werom yn de Nederlânske earedivyzje fan it betelle fuotbal.

De 27-jierrige Tukker spile sûnt ferline jier by it Spaanse Real Mallorca. Dêrfoar hie er seis seizoenen by PSV fuotballe. Yn Spanje spile er 26 wedstriden en makke sân doelpunten. Bruggink krige dit seizoen gjin basisplak en mocht transferfrij fuortgean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)