Autodyk A7 as racebaan brûkt

02 sep 2004 - 17:19

De A7 by it Hearrenfean waard woansdei as racebaan brûkt. De plysje bekeurde trije manlju, dy't mei in snelheid fan 186 oant 220 kilometer oer de autodyk raasden. In man fan it Hearrenfean rekke by Aldskoat syn rydbewiis kwyt, omdat hy 220 kilometer yn 'e oere ried.

Twa motorriders fan Ychtenbrêge en Lúnbert rieden 186 kilometer yn 'e oere en helle auto's rjochts yn fia de flechtstrook. Ek sy moasten harren rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)