Leechstân yn sekshuzen

02 sep 2004 - 16:02

De legale sekshûzen yn Fryslân stean leech. Mei yngong fan 1 septimber meie froulju fan bûten de Europeeske Uny net mear achter de ruten sitte. En dêr wurkje der krekt in soad fan yn Fryslân.

Der komme lanlike regels om de froulju werom te krijen. Dêrfoar moatte se har yn eigen lân ynskriuwe as ûndernimmer. Oan dy tiid ta is it foar eigners fan de legale sekshûzen dreech. Yn Ljouwert stean 100 keamers leech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)