Undersyk nei rioel Minnertsgea

01 sep 2004 - 17:55

De gemeente It Bilt docht ûndersyk nei de riolearring yn Minnertsgea. Troch de grutte kloften reinwetter fan de ôfrûne tiid kin it wetter net fuortkomme. Dat soarget foar wetteroerlêst. Undersocht wurdt hoe't dit tenei oars kin.

Fierders hawwe amtners net neffens it draaiboek wurke wat de oerlêst oanbelanget. Op it stuit wurdt ek ûndersocht wat de oarsaak dêrfan is en wat yn de takomst ferbettere wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)