Mear animo foar ynformaasjemerk

01 sep 2004 - 14:11

Op de twadde ynformaasjemerk oer de Suderseeline ha tiisdei sa'n 200 belangstellenden west. De merk waard hâlden yn it gemeentehûs yn Drachten. De opkomst is dêrmei grutter as by de earste merk op It Hearrenfean. Dêr kamen moandei sa'n 100 minsken op ôf.

Yn Fryslân wurde noch trije ynformaasjemerken oer de Suderseeline hâlden: woansdei yn Snits, tongersdei yn Ljouwert en freed yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)