Fersmoarge grûn yn Kollum

01 sep 2004 - 13:18

By de rekonstrukje fan de Foarstrjitte yn Kollum is boaiemfersmoarging oantroffen. Dat is feroarsake troch in gemyske stomerij. De gemeente hat de saken derneist, in blommesaak en in advysburo, al op de hichte brocht.

It giet om de stoffen Tri en Per. De grûn ûnder de hûzen is oant sân meter djip fersmoarge. Der folget noch neier ûndersyk. Dan wurdt dúdlik oft de grûn ôfgroeven wurde moat en wa't foar de kosten opdraait.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)