Stellerij op begraafplak

© Omrop Fryslân
Op begraafplak de Lindehof yn Dokkum is in betonnen byld fan in grêf stellen. De stellerij waard tiisdeitemoarn ûntdutsen troch de dochter fan de frou dy't dêr begroeven leit. It giet om in byld fan in ingel mei in fûgel yn de hân. De dochter hat oanjefte dien.
Neffens de plysje komt it hieltyd faker foar dat guod fan begraafplakken stellen wurdt. It giet dan meastentiids om berneboartersguod of blommen.