Strange kontrôle yn hoareka

© Omrop Fryslân
De hoareka yn Noard-Nederlân wurdt hurd oanpakt op fraude. Ut eardere kontrôles die bliken dat de hoareka yn it Noarden it net sa nau nimt mei de regels.
Ynspekteurs sjogge fan 't hjerst by 250 hotels, kafees en restaurants strang ta op mooglik knoeien mei útkearingen, yllegaal wurkjen en it ûntdûken fan belesting en preemjes. Sûnder in warskôging krije oertreders fuort in boete. As de oanpak wurket, wurdt alle hoareka yn it lân sa kontrolearre.