Kleanrjochtline skoalle Dokkum

© Omrop Fryslân
It Dockinga College yn Dokkum komt mei rjochtlinen foar klean dy't de skoalbern drage. It giet dan benammen om klean fan it merk Lonsdale. In soad ekstreem-rjochtse minsken drage dat. It bestjoer komt mei de maatregel om't learlingen, âlden en learkrêften klaagden dat se har misledige en bedrige fiele troch de klean dy't guon minsken drage. Ferline jier wie der op it Dockinga College spul fanwege rassistyske utings.