20ste plak foar Groenveld

31 aug 2004 - 09:26

Josephine Groenveld fan Folsgeare stiet nei de earste dei fan de 'Holland Ladies Tour' op it 20ste plak. Har achterstân op klassemintsliedster Mirjam Melchers is 52 tellen. De nûmer twa yn it klassemint is Chantal Beltman.

Moandei waard der in etappe oer 102 kilometer en in ploegetiidrit oer 12,5 kilometer riden. De etappe mei begjin- en einstreek yn Kampen waard wûn troch Debby Mansveld. Josephine siet doe yn de kopgroep fan sa'n 32 hurdfytsters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)