Priis foar Fryske biolooch

31 aug 2004 - 07:19

De Prins Bernhard Kultuerfûns Priis foar natuerbehâld is dit jier takend oan biolooch Theunis Piersma. Piersma, fan Gaast, is heechlearaar oan de universiteit yn Grins.

Piersma krijt de priis foar 'syn net ophâldende ynset foar it behâld fan de natuerwearden yn it Waad'. Dat hat it fûns moandei buorkundich makke. De priis, 50.000 euro, wurdt 11 novimber útrikt yn de Nije Tsjerke yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)