Dokkumer diskoteek ferhuzet

© Omrop Fryslân
Lang om let sil diskoteek De Ponderosa ferhúzje út it sintrum fan Dokkum wei. De gemeente Dongeradiel en eigner Kamerling fan de diskoteek ha dêroer moandeitemoarn in yntinsjeferklearring ûndertekene.
It doel is no dat De Ponderosa ferhuzet nei it carpoolplak oan de Lauwersseewei. Dat moat in ein meitsje oan de oerlêst fan stappende jongeren yn it sintrum fan Dokkum. Sûnt 1981 wurdt al praten oer in ferhuzing.