Rekordtal leden foar Bernlef

© Omrop Fryslân
De Fryske studinteferiening Bernlef yn Grins hat noch noait safolle leden hân as no. De Kei-wike, de yntroduksjewike foar earstejiers studinten yn Grins, smite tweintich nije leden op. Dêrmei sit de feriening op in rekordtal leden fan 170.
Studinteferiening Bernlef bestiet takom jier tachtich jier. De feriening is dêrom dwaande in top-80 gear te stallen fan bekende Friezen. De namme Bernlef is ûntliend oan in Fryske trûbadoer.