Frou omkommen by ûngelok

© Omrop Fryslân
In frou fan 86 jier út Hearrenfean is sneintejûn omkommen by in oanriding by Sint Jansgea. De frou joech by de krusing fan de Molenstelle en de Hegedyk gjin foarrang oan in oare auto.
By de botsing rekke ek in 79-jierrige ynsittende ferwûne. Sy is nei it sikehûs yn it Fean brocht. De bestjoerder fan de oare auto is mei syn ynsittende bern mei ferwûnings nei it sikehûs fan Snits brocht. It ferkear hat in pear oeren stremd west.