Partoer Berkepas wint yn Huzum

© Omrop Fryslân
Klaas Berkepas, Dirk-Jan van der Woud en Auke van der Graaf wûnen snein de frije formaasje haadklasse keatsen yn Huzum. Berkenpas-en-dy spilen om de priis of premy tsjin it partoer Robert Rinia, Henk Vlietstra en Gerrit Flisijn. Einstân: 5-4 en 6-6.
It partoer Berkenpas spile sterk, mar de finale wie dochs minder gau dien as ferwachte. De tredde priis gie nei it partoer fan Eric Seerden. Herman Sprik- en-dy wiene de oare heale finalisten.