Famke (10) slim ferwûne

© Omrop Fryslân
In 10-jierrich famke út Bitgum is sneontejûn slim ferwûne rekke by in ferkearsûngelok op de Langhústerwei. Har 46-jierrige heit stopte om achterút in ynrit yn te riden en syn dochter siet neist him. Doe't hy begûn te riden seach hy te let dat it famke al útstapt wie. Hy fûn har doe't hy útstapte ûnder it rjochterfoartsjil.
It famke is nei MCL-súd yn Ljouwert brocht en dêrnei nei Grins. Har tastân is stabyl.