Rie beslút oer stedswachten

© Omrop Fryslân
De stedswachten yn Ljouwert hearre ynkoarten oft se har baan hâlde of net. Der binne no 47 stedswachten aktyf yn Ljouwert. 17 fan har krije dien.
Earder betelle Ljouwert de stedswachten mei subsydzje fan it ryk mar dy ferdwynt per jannewaris. De gemeenterie hat jild beskikber steld om 30 stedswachten oan it wurk te hâlden. Om te bepalen wa't dat wurde, stelt de rie meikoarten regels foar de seleksje fêst.