Gjin wynmolepark op Newtonpark

30 aug 2004 - 09:57

Der komt gjin kluster fan wynmolens op it Newtonpark yn Ljouwert. Ut ûndersyk fan de gemeente docht bliken dat it realisearjen fan in kluster fan wynmolens op it yndustrieterrein net helber is.

Wichtichste oarsaak dêrfan binne de easken dy't de Koninklike Landmacht stelt oan de hichte fan wynmolens. Dy meie net te heech wurde om foar te kommen dat der radars stoard wurde. Der kinne wol acht losse molens komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)